Høegh: "Slechte nacht gehad, maar snel revanche nemen"

24 okt 2017 - 17:48

Hy hat min sliept, mar gelokkich spilet Hearrenfean gau wer in wedstriid. Dat seit Daniël Høegh foar de bekerwedstriid tsjin Willem II. De ferdigener seach snein syn ploech ferliezen fan Vitesse. Mar slimmer noch: der wie gjin spiler dy’t wol goed spile. Høegh: "Ik heb slecht geslapen die nacht. Niemand was goed die wedstrijd. Het voordeel is dat nu woensdag alweer een wedstrijd op het programma staat en dat je je snel kunt herstellen.''

Neffens Reza Ghoochannejhad wie it fertrouwen fuort snein: "Dat zag je gedurende de wedstrijd weg gaan. Vitesse is een goede ploeg, maar zo slecht spelen mag niet." Hearrenfean spilet foar de beker yn Tilburg tsjin Willem II. Der gean goed seishûndert supporters mei. "Daar ben ik heel blij mee. Op een doordeweekse dag nog wel."

Warner Hahn wer fit

Keeper Warner Hahn kin ek wer spylje, al sil hy der dizze wike noch net by wêze. Trainer Jurgen Streppel: "Hij speelt maandag met Jong Heerenveen mee. Het gaat de goede kant op." Hahn rekke yn de earste kompetysjewedstriid blessearre oan syn skouder. Dêrnei waard Martin Hansen oanlutsen. Yn de beker tsjin Willem II keept nei alle gedachten Wouter van der Steen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)