Seis Fryske turnsters 'op staazje' nei Amearika

25 okt 2017 - 06:02

Seis jonge turnsters fan it turnsintrum op It Hearrenfean sille op staazje by 'it mekka' fan de turnsport. By WOGA yn Dallas sille de famkes fan 11, 12 en 13 jier yn totaal tolve dagen traine. WOGA is de ferneamde turnklup foar froulju yn de wrâld. Fia crowdfunding hawwe de turnsters in bedrach fan 1.500 euro sammele om de kosten betelje te kinnen. De reis kostet sa'n 9.000 euro. Dat is foar âlden in hiel bedrach. De 1.500 euro wie minimaal nedich om de trainingsstaazje ek echt dwaan te kinnen.

De turnsters dy't yn harren leeftiidsklasse heech op lanlik nivo turnje, hoopje yn Dallas noch mear motivaasje en ynspiraasje te krijen om harren karriêre rjochting topsport trochsette te kinnen. De famkes wurkje ta nei de Olympyske Spelen fan 2020 of 2024. Celine van Gerner giet as senior turnster mei om de famkes te stypjen. Op 15 novimber gean de famkes rjochting Amearika.

(Advertinsje)
(Advertinsje)