Njoggen moanne sel easke tsjin stellende asylsiker

De rjochtbank yn Ljouwert © ANP
Yn de rjochtbank yn Ljouwert is tiisdeitemiddei njoggen moanne sel easke tsjin in asylsiker dy't yn Drachten ferskate kearen ynbrutsen hat yn huzen en auto's. Fan dy stellerijen is aardich wat weromfûn yn it hûs dêr't de man doedestiids wenne. Dochs ûntkent de fertochte dat er der wat mei te krijen hat.
By de plysje hie de man út Gaza wol tajûn dat er guod stellen hie, mar by de rjochtbank sei er tiisdei dat er ferkeard begrepen is om't der gjin tolk wie. De man sit op it stuit fêst yn Ter Apel, om't er yllegaal yn Nederlân is. De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.