"Swimbad Wetterstins moat yn simmerfakânsje iepen wêze"

24 okt 2017 - 16:57
Swimbad Wetterstins yn Burgum - Foto: Argyf Omrop Fryslân

Swimbad Wetterstins yn Burgum moat tenei yn de simmerfakânsje iepen wêze. Dat wolle de fraksjes fan it CDA en de FNP yn de ried fan Tytsjerksteradiel. Ofrûne simmer wie it bad de hiele fakânsje ticht. Beide fraksjes begripe dêr neat fan. Se fine swimme no krekt in moaie aktiviteit, benammen yn de fakânsje. En iepenloftswimbaden binne fanút Burgum ek net njonken de doar, sizze se.

Se trune der dêrom no by boargemaster en wethâlders op oan derfoar te soargjen dat de Wetterstins de kommende simmerfakânsje wol iepen is.

Trefwurden: 
Wetterstins Burgum swimbad
(Advertinsje)
(Advertinsje)