Feansters fiele harren negeard yn kwestje ferkearsdrokte

Bewenners fan de K.R. Poststrjitte op It Hearrenfean fiele harren negeard troch de gemeente. De gemeente Hearrenfean hie de minsken frege om mei te tinken oer de werynrjochting fan de dyk dy't de A32 ferbynt mei it sintrum fan It Hearrenfean en streekrjocht nei it trein- en busstasjon giet.
Neffens de bewenners ha se ideeën oanlevere, lykas in transfearium by in tunnel by de McDonald's. Mar de gemeente docht neat mei harren plannen, sizze se. Yntusken ha de bewenners in soad lêst fan it fêstrinnende ferkear yn de strjitte.

Reaksje gemeente

Neffens wethâlder Hans Broekhuizen binne de ideeën wol besjoen, mar binne se net geskikt om troch te fieren. Broekhuizen tinkt dat wannear't de oplossingen fan de bewenners útfierd wurde, de ferkearsproblemen ferskowe nei oare plakken yn it doarp. De gemeente kiest der dêrom foar om de K.R. Poststrjitte opnij yn te rjochtsjen.
De krityk fan de bewenners dat de gemeente net goed kommunisearret oer wat der dien wurdt mei harren ideeën, herkent wethâlder Broekhuizen net. De gemeente sil de minsken belûke by it fierdere proses.