Oerfaller De Lemmer earst spoarleas, mar dochs sels nei buro

24 okt 2017 - 16:27
Oanhâlding - Foto: ANP

Ien fan de manlju dy't freed seis jier sel krigen hat fanwegen in gewelddiedige oerfal op De Lemmer is net earder as moandei oanhâlden. Doe't de man út De Lemmer feroardiele waard, wie er earst spoarleas. Hy wie net thús en ek net op syn wurk, doe't der om him socht waard. Ek op oare plakken wie er net te finen.

Uteinlik hat de man him moandeitemoarn melden by it plysjeburo op De Lemmer. Hy giet no nei de finzenis. De man en in maat fan him oerfoelen twa-en-in-heal jier lyn in man en mishannelen him bot. Se naaiden út mei jild en âlde munten.

(advertinsje)
(advertinsje)