Wurkstraf foar Surhústerfeanster drankrider

24 okt 2017 - 15:05
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In man út Surhústerfean hat in wurkstraf fan twahûndert oeren krigen foar it riden mei drank op. De man wie dêr yn it ferline al faker foar oanhâlden en hie ek alris wegere om te blazen. Doe't er dizze simmer wer oanhâlden waard, ried er yn in ûnfersekere auto. Syn rydbewiis wie er doe al kwyt.

De rjochter hat besletten dat er syn auto ek net werom krijt. Foar alle oare fergripen krige er opteld twahûndert oeren wurkstraf. De man is fuortendaliks yn heger berop gien.

(advertinsje)
(advertinsje)