Wurknimmers BSB Staalbouw yn petear mei it UWV

24 okt 2017 - 14:10

By BSB Staalbouw yn Burgum is tiisdeitemiddei de gearkomste begûn wêrby't de sechstich wurknimmers har ynskriuwe kinne by it UWV. De brêgebouwer waard moandei fallyt ferklearre troch de rjochtbank. Kurator Wouter Cnossen wol ûndersykje oft it bedriuw rinnende projekten noch ôfmeitsje kin. It giet dêrby ûnder oare om in nije brêge yn it Grinslanner Farmsum. De wurknimmers en ek de fakbûnen hoopje noch op in trochstart, wêrby't in nije eigener ek safolle mooglik personiel oernimt tsjin itselde lean.

Foar it trochwurkjen is wol in saneamd boedelkredyt fan de bank nedich, want BSB hat gjin foarrieden mear om fierder wurkje te kinnen. Kurator Cnossen is noch drok dwaande mei de ynventarisaasje fan it fallisemint. Hy wol dêrom tiisdei noch neat sizze oer de kâns op in mooglike trochstart fan it bedriuw.

Tryste dei

Foar de sechstich wurknimmers fan BSB Staalbouw is it in tryste dei. Guon hiene it fallisemint wol oankommen sjoen, mar foar oaren kaam it as in folsleine ferrassing. Brêgebou is in fak apart. It sil dêrom foar in part fan it personiel fan BSB Staalbouw net tafalle om samar wurk te finen by in oar bedriuw.

Direkteur Pesie fan BSB liet him ek út oer de gearwurking mei de provinsje, bygelyks by de bou fan de Stasjonsbrêge yn Frjentsjer. Pesie neamt de opstelling fan de provinsje skandalich en hâldt de provinsje meiferantwurdlik foar de ûndergong fan it bedriuw. De provinsje Fryslân werkent him net yn dy krityk: ''De provinsje hie in kontrakt mei Reimert foar de brêge yn Frjentsjer. BSB wie dêr ûnderoannimmer. De provinsje hat betelle wat mei Reimert yn it kontrakt ôfpraat is.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)