Wurkstraffen easke tsjin reder en bedriuwslieder Frisia

De Frisia fergie benoarden Skylge © Foto Rederij Noordgat
It Iepenbier Ministerje (IM) easket wurkstraffen fan 180 oeren tsjin de reder en syn doetiidske bedriuwslieder foar de skipsramp mei skulpesûger Frisia. Tsjin twa bedriuwen dêr't de beide manlju lieding joegen, waarden boeten fan 60.000 euro easke. Foar de rjochtbank yn Amsterdam spruts de oankleier fan "een nalatige en lakse houding", wêrtroch "onverantwoorde risico's" naam binne.
De Frisia fergong yn desimber 2010 ta noarden fan Skylge. Alle trije bemanningsleden kamen om it libben. Neffens it IM ha de fertochten ûnfoldwaande feilichheidsmaatregels oan board troffen en ha se de bemanning sûnder it krekte foech om te farren en mei temin training en oplieding útfarre litten op in skip dat technyske gebrekken hie. Dat makket harren skuldich oan de dea fan de trije bemanningsleden, fynt it IM.