Gjin takomst foar sportevenemint Fryske Olympiade

Jeugddei Fryske Olympiade © Omrop Fryslân, Harm Weistra
It sportevenemint de Fryske Olympiade sil yn de takomst net mear organisearre wurde. De Stichting Fryske Olympiade hat harsels opheft, om't der ûnder de sportbûnen gjin draachflak mear wie. Yn 2013 en 2014 waard it evenemint noch wol organisearre. Toppers út it skûtsjesilen, keatsen en fierljeppen lieten dêrby op in spesjaal terrein yn Burgum harren sport sjen.
De Fryske Olympiade wie opset om de Fryske sporten ûnder bern oan te priizgjen. Njonken it ferlet fan draachflak wienen ek de finânsjes en de folle sportkalinders reden foar de stichting de stekker derút te lûken.