Takom jier minder liene mei nije hypoteek

Ast in hûs keapje wolst en ast der ien op it each hast, is it ferstannich om noch foar it nije jier de knoop troch te hakken en de sinteraasje te regeljen. Want mei yngong fan 1 jannewaris meist wer minder liene. Dan meist maksimaal de taksaasjewearde fan it hûs liene. En neat mear der boppe-op, foar bygelyks de notariskosten of it hypoteekadvys. De ôfrûne jierren is it maksimaal te lienen bedrach al stadichoan ferlege. Allinne ast dyn nije hûs enerzjysuniger meitsje wolst, kinst dat noch meifinansiere yn de hypoteek.
Neffens Sietse van der Meer fan De Hypotheker yn Ljouwert kin dat problemen opsmite foar starters. ''It is net nij. De lêste jierren is it al ôfboud. Mar benammen foar starters kin it dreech wêze. Minsken wolle op it stuit graach keapje, mar moatte hieltyd mear eigen jild hawwe. Dat is foar de measte starters in probleem.''