De Hoop nimt takom jier ôfskied as boargemaster It Amelân

24 okt 2017 - 11:29

Albert de Hoop is nei it ôfrinnen fan syn twadde termyn as boargemaster fan It Amelân net beskikber foar in tredde termyn. Dat hat hy tiisdeitemoarn bekend makke. De Hoop is sûnt 2006 boargemaster fan it Waadeilân. Yn 2012 waard hy foar de twadde kear beneamd. Dy termyn rint op 1 july 2018 ôf. De Hoop (59) is op it stuit ien fan de langst sittende boargemasters fan It Amelân. Dêrfoar wie hy ûnder oare riedslid yn de eardere gemeente Skarsterlân.

''Spitich, mar wol te begripen.'' Sa neamt riedslid Rudolf Teuben fan Ameland '82 it beslút fan Albert de Hoop. ''Mei De Hoop ferdwynt fanwegen syn dossierkennis in mearwearde foar it eilân'', seit Teuben. De Hoop stelde neffens him oarde op saken by de finânsjes, rûn foarop mei duorsumheid en hie in soad ynfloed yn Den Haag. Teuben wol in nij boargemaster ''mei ballen'', mar hat fierder noch net neitocht oer in opfolger.

(Advertinsje)
(Advertinsje)