Kollum: "Mar plysjeman, wat dogge jo no?"

"Op wei nei de grize kontener seach ik him stean. Plysjepet op, kisten oan, wapen yn de hân. Foar de rest wie er neaken, útsein in rubberen slip. Ik sei ‘goejûn’ tsjin buorman en hifke wat er by de ein hie. Hy skoffele ûngemaklik hinne en wer. Yn it ljocht fan de bûtendoarslampe seach ik dat it pikefel him op de earmen stie.
‘Myn freondin hâldt fan rollespullen,’ sei er. ‘Sy is no sabeare oan it ynbrekken, en it is de bedoeling dat ik har aanst oer ’t mad kom.’
‘Aha!’ sei ik, en die as wie ik in man fan de wrâld. ‘En dat wapen?’
‘In taser,’ antwurde er. ‘De echten jouwe in stjit fan tûzenen volt, mar dizze net, hear. Hjir wurdst allinne mar…waarm fan.’
In part fan de plysjemacht yn Nederlân eksperimintearret ûnderwylst mei de taser, oftewol it stroomstjitwapen. It wurdt sjoen as in feiliger alternatyf foar it pistoal, omdat it minsken wol útskeakelet, mar net swier ferwûnet of deadet. Hoewol’t dat lêste relatyf is ast nei de sifers yn Amearika sjochst. Yn 2015 rekken dêr 50 minsken dea troch it stroomwapen, en foarich jier 22. Minder, mar noch altyd in protte.
Likegoed bin ik fan betinken dat de plysje, as hanthavener fan wet en oarder, bewapene wêze moat. Want dy hat bytiden hiel wat te ferduorjen. Der binne, neist de standaard kriminelen, bygelyks hieltyd mear minsken yn de war yn ús maatskippij. It tal ynsidinten op strjitte mei betize minsken is de ôfrûne fiif jier mei 65% omheech gien. Alle njoggen minuten moat de plysje yn aksje komme foar minsken mei ôfwikend en driigjend gedrach. Yn Fryslân allinne al ha wy tefolle foarbylden, ek fan guon dêr’t it hielendal mis mei gien is.
Hoe’t soks kin is no net de fraach. Dêr’t it my om giet is it bewapenjen. En dêr kin de taser in goede oanfolling op wêze. In ‘oanfolling’, omdat it brûken fan in taser, ek foar de plysje sels, net sûnder risiko is. Want tasers fale nochal faak. De Amerikaan Michael Leonisio, in plysjeman dy’t al pensjoen hat, hat tsientûzenen fan dy dingen analysearre. En dêr waard er net fleurich fan. Sa út de ferpakking die ien op de fiif it net. Mar by dy oare fjouwer heakke it ek geregeld: se stjitten of te min, of tefolle stroom út, of yn 15% fan de gefallen hielendal neat. Men kin jin foarstelle hoe gefaarlik as soks is as ien mei in mes of in pistoal rint te swaaien en op jin takomt.
Mar ek by in goed wurkjend eksimplaar is it gjin appeltje-eitje. It wapen hat twa pylkjes dy’t beide kontakt mei de hûd meitsje moatte. Net evidint, foaral net as de persoan yn kwestje nochal grou is, in protte klean oan hat en net stil stiet. Hawar, de proefperioade ôfmeitsje en toch mar oanskaffe, tocht ik sa.
De rin fan myn tinzen waard ûnderbrutsen doe’t ik ynienen: ‘Mar plysjeman, wat dogge jo no?’ hearde. Ik seach twa reade, dûnsjende puntsjes yn it tsjuster fan de keamer, folge troch in lytse gjalp. Ik treau de pûde yn de kontener en stifele yn ’e hûs."