Fleanbasis Ljouwert kriget fûgelradar

© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De fleanbasis yn Ljouwert kriget in fûgelradar. Dizze radar, dy't ek op de basissen van Den Helder, Eindhoven, Gilze-Rijen en Woensdrecht komt, detektearret fûgels earder as besteande systemen. Troch dizze bettere radar kin de fûgelwacht op de basis earder maatregels nimme om de bisten te ferjeien. Dêrtroch moat it oantal botsingen tusken fleantugen en fûgels ôfnimme. De radar kin ek ynset wurde foar it ferkear op de grûn fan de basis, dat dêrtroch ek feiliger wurdt.