Wêr bliuwt de spoartunnel yn Bûtenpost

24 okt 2017 - 07:25

Hoe komt it mei de spoartunnel oan de Trekwei yn Bûtenpost tusken Gerkeskleaster-Strobos en Kollum? Dat wol de FNP-fraksje Achtkarspelen no wolris witte. Yn 2014 luts de ried der ekstra jild foar út en de bedoeling wie dat de tunnel ein 2017 klear wêze soe. Mar der is noch hieltyd gjin inkelde aktiviteit op it plak. Komt soks troch beswieren of binne der swierrichheden yn it oerlis mei Prorail of it Wetterskip? 

Trefwurden: 
spoartunnel Bûtenpost
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)