Werfmeiwurkers: ynskriuwe foar UWV by FNV om lean te krijen

23 okt 2017 - 22:27

De fêste meiwurkers fan skipswerf CMS yn Ljouwert kinne harren tongersdei op it FNV-kantoar yn Ljouwert alfêst ynskriuwe by it UWV. Dat seit Anne van Dijk fan fakbûn FNV. De skipswerf sit yn swier waar. De leanen fan septimber binne noch net útbetelle. De meiwurkers kinne rapper oan harren jild komme, as se ynskreaun binne by de útkearingsynstânsje. 

Uterlik takom wike tiisdei moat mear dúdlik wêze oer it fallisemint fan skipswerf CMS. Guon meiwurkers sizze dat it bestjoer noch neitinkt oer in oplossing. Mar Anne van Dijk tinkt dat dat him net wurdt.

CMS hat 25 minsken yn fêste tsjinst. De fakbûnen hawwe moandei mei it personiel oerlein oer de situaasje. De problemen soene ûntstien wêze trochdat CMS wurke mei straalgrit dêr't asbest yn sit. Mar neffens de FNV is dat net sa. It personiel waard al net útbetelle foardat dat oan it ljocht kaam. It fakbûn tinkt dat it bedriuw yn jildsoargen sit en dat der mooglik sprake is fan finansjeel wanbelied.

Trefwurden: 
skipswerf CMS FNV
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)