Taksy yn de brân yn Ljouwert, brânwacht is der rap by

23 okt 2017 - 20:53

Yn Ljouwert hat moandeitejûn koarte tiid brân west yn in taksy yn de strjitte Achter de Hoven. De brân yn de motor wie fûl, mar duorre koart, omdat de brânwacht der rap by wie. Neffens omstanners soene der meardere autobrannen west hawwe yn dit stikje strjitte. Dit soe de tredde wêze. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan de brân. 

De helptsjinsten yn Ljouwert kamen moandei ek yn aksje foar in man dy't nei goed wurden wie op de Arendstún, flakby it Hoeksterein, De plysje en ambulânses wienen te plak om help te ferlienen. Fierdere gegevens ûntbrekke oant no ta.
 

Trefwurden: 
brân taksy Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)