Seekadetkorps betinkt bemanning delstoart Poalsk fleantúch

23 okt 2017 - 20:12

Bern fan de maritime jeugdferiening it Seekadetkorps fan De Lemmer hawwe moandei de Poalske bemanning fan in fleantúchwrak betocht dat yn 2016 út de Iselmar helle is. De bern hawwe it ôfrûne jier bedriuw Leemans holpen by de berging fan it wrak út de Twadde Wrâldoarloch dat op de boaiem lei. Noch net earder hawwe bern tusken de 11 en 17 jier by soks meiholpen.

Foar de omkommen bemanning is in monumint oprjochte op deirekreaasjeterrein Hege Gerzen yn Aldemardum. Dat bestiet út twa propellers fan it fleantúchwrak. It is sa delset dat troch tusken de proppelers troch it plak fan it wrak te sjen is. In delegaasje fan de Poalske loftmacht wie dêr moandei om ûnder oare mei de seekadetten in krâns te lizzen by it monumint. De Poalske loftmacht is der tige grutsk op dat de bern meiholpen hawwe, dat se it monumint foar de bemanning adoptearre hawwe en moandei nochris stilstiene by de mannen dy't omkaam binne.

By sa'n berging moat altyd bewaking wêze om foar te kommen dat der oaren by komme. It bedriuw woe tagelyk ek wat edukatyfs dwaan en sa kamen se op it idee om seekadetten te freegjen. De klup fan De Lemmer wiene fuortendaliks ree. Se hawwe al dy tiid mei in skip by it plak fan de berging lein om de boel yn de gaten te hâlden. De Lemster seekadetten binne noch altyd tige belutsen by it fleantúchwrak, seit Evander Broekman fan it bergingsbedriuw, De seeklup fan De Lemmer hat it monumint adoptearre. Mei de Poalske loftmachtdelegaasje hawwe se ôfpraat dat se alle jierren nei Aldemardum komme sille om de bemanning te betinken.



Trefwurden: 
seekadetten De Lemmer
(Advertinsje)
(Advertinsje)