"D66 hie oan GrienLinks fêsthalde moatten by formaasje"

23 okt 2017 - 19:44

D66 hie mear oan GrienLinks fêsthâlde moatten yn de formaasje. Dan hie de partij fan Jesse Klaver kâns hân om yn de nije regearing te kommen. Dat sei it Ljouwerter Twadde Keamerlid Isabelle Diks moandeitejûn yn It Polytburo op Omrop Fryslân Telefyzje.

Mei it nije regearakkoart hat Diks eins neat, sa lit se witte. It wurd 'regio' komt yn it regearakkoart faak foar. Jo soenen tinke kinne: in goed kabinet foar Fryslân, mar dat is net sa, fynt Diks. Fryslân hie mei GrienLinks in folle duorsumer takomst krigen. Diks sei fierders net te ferwachtsjen dat Rutte III de folsleine fjouwer jier folmeitsje sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)