Foarsitter Alliade yn top 50 'boppe-de-noarm-fertsjinners'

Soarchgroep Alliade © Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
Yn de top fyftich fan topbestjoerders yn de soarch dy't mear as de noarm fertsjinje, stiet ien Fryske bestjoerder. Dat is foarsitter Erik Kuik fan der ried fan bestjoer fan soarchgroep Alliade. Hy stiet op it 27e plak. De list is gearstald troch RTL Nieuws. De omrop hat de jierferslaggen besjoen en alle formulieren dêr't bestjoerders yn de soarch harren lean mei opjouwe. Kuik fertsjinnet neffens RTL 250.984 euro yn it jier.
In nije bestjoerder yn de soarch mei net mear as in minister fertsjinje. Yn 2016 wie dat 179.000 euro yn in jier.