Skriuwersarke De Feanhoop mei twa kranen út wetter takele

De skriuwersarke fan It Fryske Gea is mei súkses út it wetter takele by natuergebiet Petgatten by De Feanhoop. Freed waard al besocht om it eardere arkje fan skriuwer Rink van der Velde út it wetter te krijen foar in renovaasje, mar dat mislearre. It die bliken dat de boat swierder wie as ferwachte, en dat der in ekstra kraan nedich wie. Dat barde moandei troch boubedriuw De Jong & De Wal en firma Knol. Neffens Anton Huitema fan It Fryske Gea gie dat sûnder problemen. Nei ferwachting duorret de renovaasje in pear wiken.
De ark is nei de dea fan skriuwer Rink van der Velde yn 2001 neilitten oan It Fryske Gea. Skriuwers krije op de boat de gelegenheid om yn alle rêst te wurkjen.