Aldheidskeamer yn Weststelllingwerf bliuwt bestean

De Aldheidskeamer fan Weststellingwerf bliuwt definityf bestean. Lang like it derop dat de Aldheidskeamer yn Wolvegea slute moast, mar dat giet net dus troch. Troch in nij beliedsplan hat it bestjoer it kolleezje fan b. en w. en it bedriuwslibben derfan oertsjûge troch te gean mei it jaan fan stipe foar de kommende trije jier.
Bestjoerslid Cees Bonnema is der o sa wiis mei: "Wy binne tige bliid. Oan de iene kant is it in ferrassing dat it dochs slagge is om subsydzje te krijen. Oan de oare kant ha wy hurd wurke oan it nije beliedsplan en hie ik hoop dat it goed komme soe." Yn it beliedsplan stiet ûnder oaren dat de Aldheidskeamer der yn koarte tiid hûndert leden by krigen hat. Ek hat it bestjoer plannen foar in edukaasjeprogramma, sadat mear jongerein nei it museum komme.
Yn de Aldheidskeamer stiet histoarysk weardefol guod út de gemeente Weststellingwerf.