Wurkstraf foar dôfhûdige Drachtster

23 okt 2017 - 16:14
De rjochtbank yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In man út Drachten hat in wurkstraf fan tweintich oeren ûnder betingst krigen omdat er fan 't simmer yn in park syn broek sakje litten hie. De man moat him ek melde by de reklassearring en hy moat him behannelje litte. Hy waard doedestiids yn de boeien slein en meinaam nei it buro. Dat fûn er sels nergens op slaan. De man hie 17 jier lyn ek alris in boete krigen foar in selde soarte fergryp. De offisier fan justysje fûn in stôk achter de doar nedich om der foar te soargjen dat it net wer bart. De rjochter naam de eask foar in wurkstraf ûnder betingst oer.

Trefwurden: 
wurkstraf rjochter Drachten
(Advertinsje)
(Advertinsje)