"Film 'Weg van Jou' sil Friezen wol oansprekke"

23 okt 2017 - 16:05

Nynke van der Ploeg út Koudum wie ko-produsint fan de nije Nederlânske spylfilm 'Weg van Jou' dy't lêsten yn premjêre gien is. De film giet oer in ambisjeuze frou dy't promoasje meitsje wol, mar yn plak fan in baan yn Rio de Janeiro wurdt se nei Terneuzen stjoerd.

Nynke komt hielendal net út de filmwrâld mar waard trije jier lyn frege. "Ik wenje no yn Siuwsk-Flaanderen en in kontakt fan my woe dêr graach ris in grutte film opnimme. Sa bin ik derby kaam," fertelt se yn De middei fan Fryslân. "It fielt hiel spesjaal dat de film no draait." De film is in romantyske komeedzje. "We ha it inisjatyf nommen foar de film. As produsint bist by it hiele proses belutsen, by de tarieding, lykas it sykjen fan fûnsen foar de finansiering, mar ek mei de senarioskriuwer op paad foar lokaasjes. En yn de útfiering, by de produksje, ik ha faak op de set west, leuk om fan tichteby te sjen en figuranten regele. It kreative proses is hiel leuk om mei te meitsjen." Se is no dwaande om de film yn België út te bringen. Nynke tinkt dat Friezen de film wol oansprekke sil. "Yn Fryslân kinne se der krekt sa hurd om laitsje as hjir yn Seelân. It is foar Friezen hiel herkenber. It hie likegoed yn Fryslân opnommen wurde kinnen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)