Vegan Streaker Peter Janssen sit fêst yn Japan

23 okt 2017 - 15:35
Foto: VeganStrikeGroup

Aktivist Peter Janssen fan Stiens sit fêst yn in Japanske sel, om't er in dolfineshow fersteurd hat. Janssen stiet bekend as Vegan Streaker en hat al faker fêstsitten fanwege syn diere-aktivisme. Yn Shirahama yn Japan sprong er mei in oare aktivist yn it wetter en hâlde in protestboerd omheech tsjin de slachting fan dolfinen yn Japan. De plysje hat beide aksjefierders oppakt. De Nederlânske ambassade seit dat se besykje sille om kontakt mei de plysje te lizzen om Janssen te sprekken te krijen.

(advertinsje)
(advertinsje)