Wurkstraf foar oantaasten kollega yn Dokkumer sikehûs

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In man út Peins hat in wurkstraf fan 40 oeren krigen om't er in froulike kollega oantaast hat yn it sikehûs fan Dokkum. De frou waard yn de spielkeuken troch de man betaaste. De man ûntkent dat, dy sei dat er har allinne mar holpen hat by it tillen fan swiere pûden. De rjochtbank fynt dat der mear bard is. De offisier fan justysje hie in swierdere wurkstraf easke en in selstraf ûnder betingst. Mar dat fûn de rjochtbank te bot, omdat de man net earder feroardiele west hat. Hy moat it slachtoffer wol in skeafergoeding fan 650 euro betelje.