Surhústerfean wol winkeljen oantrekliker meitsje

23 okt 2017 - 15:21
It Torenplein krijt syn bankjes dochs werom - Foto: Google Street View

Surhústerfean wol it winkeljen yn it doarp noch oantrekliker meitsje. In spesjalisearre buro docht dêrom ûndersyk nei hoe't dat it bêste kin. Undernimmers mei in winkel meie dêr oer mei prate en dat jildt ek foar oare minsken dy't dat nijsgjirrich fine. It buro sjocht ek nei praktyske saken lykas parkeargelegenheid en wat de meast logyske rydrûtes binne.

It ûndersyk moat begjin takom jier klear wêze. Dêrnei wurdt besjoen wat der konkreet allegear barre kin om it winkeljen yn Surhústerfean oantrekliker te meitsjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)