Hidde Jonker oer Heel Holland Bakt: "Prachtich om te sjen"

23 okt 2017 - 14:27

Hidde Jonker út Mantgum siet sneintejûn plat foar de telefyzje. Mei 3,4 miljoen oare Nederlanners seach er nei de finale fan it programma Heel Holland Bakt. Hidde Jonker die ferline jier mei oan de bakwedstriid, mar moast der yn de twadde ôflevering al út. "Ik wie by de finale, dus ik wist al wa't winne soe. Mar ik ha mei nocht nei de searje sjoen. It is prachtich om te sjen," fertelt er yn De middei fan Fryslân. Benammen de spanning yn de tinte kin er him noch goed yn it sin bringe. Hidde bakt der noch flink op los. "Lêsten ha ik noch in workshop bôlebakken folge mei in oare dielnimmer dêr't ik noch hieltyd kontakt mei ha."

(advertinsje)
(advertinsje)