Rjochter leit ôffaloven REC in boete fan 10.000 euro op

23 okt 2017 - 14:26
De REC yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De ôffaloven yn Harns moat fan de rjochtbank in boete fan 10.000 euro betelje. De REC krijt de boete om't yn 2015 in steuring net opmurken is en om't yn 2016 in oare steuring te let meld waard. Neffens de rjochtbank is der gjin sprake fan kweade opset. Mar de steuring hie fia de kompjûter maklik nei te gean west, seit de rjochtbank ek. It systeem is yntusken oanpast. Der komt no automatysk in melding as der wat mis is yn it systeem dêr't it probleem siet.

De rjochtbank is der oer te sprekken dat der maatregels naam binne. Dêrom foel de boete de helte leger út as wat justysje easke hie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)