"Alle jierren Fryske oersetting Boekewikegeskink"

23 okt 2017 - 14:17

Alle jierren soe der in Fryske oersetting fan it Boekewikegeskink komme moatte. Dat seit direkteur Ad Peek fan boekhannel Van der Velde yn Ljouwert. De Fryske oersetting kin dan meiliftsje mei it lanlike sukses en soe bygelyks yn it populêre telefyzjeprogramma De Wereld Draait Door komme. Foar it earst wurdt it boekewikegeskink oerset yn it Frysk. It giet om it boek 'Gezien de feiten' fan de Belgyske skriuwster Griet Op de Beeck. De oersetting, dy't de titel 'Mei it each op de feiten' kriget, wurdt útjûn yn it ramt fan de Kulturele Haadstêd 2018. De oersetting wurdt makke troch Jetske Bilker.

Kommissaris fan de Kening Arno Brok is ek entûsjast. Neffens him soe it ek moai wêze as de Fryske ferzje lêzen wurdt troch net-Frysktalige minsken. De boekewike is takom jier fan 10 oant en mei 18 maart. Elkenien dy't dan in boek keapet kriget sawol it Fryske as de Nederlânsktalige boekewikegeskink kado.

(Advertinsje)
(Advertinsje)