Drokte helptsjinsten troch drank en drugs

23 okt 2017 - 13:50
Foto: ANP XTRA

Drank en drugs hawwe de helptsjinsten it ôfrûne wykein yn Ljouwert in soad drokte besoarge. In 61-jierrige skooterrider út Ljouwert gie snein op de Willemskade ûnderút. De man waard ferwûne nei it sikehûs brocht. Dêr die al gau bliken dat hy te folle drank op hie. Op de Willemskade lei in 29-jierrige Ljouwerter op de grûn om't hy te folle GHB hân hie. Hy is nei kontrôle troch ambulânsemeiwurkers nei hûs brocht. In 23-jierrige frou út Almere waard yn de Valeriusstrjitte yn har eigen koarre oantroffen. De frou hie te folle drank op. In freondinne hat har nei hûs brocht.

Trefwurden: 
drank drugs plysje
(advertinsje)
(advertinsje)