Oanhâlden foar in skjirre op de Weaze

De Weaze yn Ljouwert
De plysje yn Ljouwert hat yn de nacht fan snein op moandei op de Weaze in 24-jierrige Ljouwerter oanhâlden. De man hie in skjirre by him. Hy hat in proses-ferbaal krigen foar it oertreden fan it messeferbod. De plysje wie nei de Weaze kaam fanwege in fjochtpartij. De plysje helle de fjochtersbazen útinoar, mar om't net ien oanjefte die is der net ien oanhâlden.