A-ware oan de boer: leverje mar sa safolle molke as mooglik

Suvelbedriuw Royal A-ware op It Hearrenfean nûget de boeren út om it fabryk safolle molke te leverjen as mar mooglik is. A-ware jout de boeren dêrmei in hiel oar sinjaal as suvelkoöperaasje FrieslandCampina. Dy koöperaasje warskôge de leden ferline wike foar in te hege molke- en fosfaatproduksje. FrieslandCampina tinkt dêrom om de molke-oanfier begjin takom jier te beheinen mei in saneamde standstill-maatregel. Royal A-ware sil dat foarbyld net folgje. It bedriuw hat dat alle leveransiers yn in ekstra nijsbrief wite litten. A-ware leit de ferantwurdlikheid by de yndividuele boer. Boeren mei romte om mear te melken moatte dat foaral dwaan. Tagelyk advisearret it bedriuw de boeren wol om goed rekken te hâlden mei de fosfaatregels.
Nederlân moat ûnder dat plafond bliuwe om it rjocht te hâlden om mear stront út te riden as de measte oare lannen yn Europa. Dat rjocht hjit derogaasje. Ferlies fan derogaasje soe grutte gefolgen hawwe foar de sektor, hielendal yn Fryslân, want dan moat it oantal kij noch folle mear werom. Minister Kamp fan Ekonomyske Saken warskôge de boeren ferline wike ek noch foar dat risiko. Neffens syn gegevens is it tal melkkij de ôfrûne moannen wer mei sa'n 10.000 tanommen en dêrmei driget dat fosfaatplafond dochs wer yn byld te kommen.