"Frisia sonken troch minsklike flaters"

De Frisia fergie benoarden Skylge © Foto Rederij Noordgat
De skulpesûger Frisia dy't sân jier ferlyn fergie boppe Skylge is troch minsklike flaters sonken. Dat sei de reder moandei yn de rjochtbank fan Amsterdam. By de ramp kamen trije minsken om it libben. De reder stiet mei de bedriuwslieder en ferskate wurkmaatskippijen terjochte, om't justysje fynt dat sy skuldich binne oan de dea fan de trije bemanningsleden. It skip soe gebrekkich west hawwe, en it oerlibbingsmateriaal soe net op oarder west hawwe. Sa soe ien fan de oerlibbingspakken te lyts west hawwe. Neffens de reder binne de beskuldigings in "steek in het hart".
Neffens him is de ramp feroarsake troch it beslút om oer de Noardsee werom te faren nei Zoutkamp, yn stee fan oer de Waadsee. De skipper koe sa tiidwinst meitsje "mar dat had hij nooit moeten doen," sei tsjûge, en kollega-skipper Jan Lont moandei. "We hadden die dag samen gevist. Toen ik hem niet meer zag, heb ik gebeld. Waar zit je?, vroeg ik. Jan zei dat hij buitenom voer. Omdat het van zee uit harder begon te waaien, heb ik nog gezegd: niet doen, kan niet. Maar hij ging het toch proberen, zei hij."