Robertha yn de spits by Cambuur

23 okt 2017 - 13:18

Nigel Robertha debutearret tiisdei yn de spits by SC Cambuur yn de bekerwedstriid tsjin FC Den Bosch. Cambuur hat de nedige problemen mei it meitsjen fan goals en Robertha hat him by de beloften en op de trainings goed sjen litten. Karim Rossi is sa'n fjouwer moanne út de rûlaasje troch bânletsel oan syn middenfoet. Hy moat dêroan operearre wurde. Trainer Marinus Dijkhuizen neamt it lang útfallen fan Rossi "heel vervelend."

Furdjel Narsingh, ek krekt wer werom by de earste seleksje, begjint op de bank yn de wedstriid tsjin Den Bosch. Dijkhuizen: "Furdjell is net terug. Dan is drie wedstrijden in een week teveel. Dat geldt ook voor Alvin Daniëls." Fan FC Den Bosch hat de trainer in goeie yndruk: "het is een degelijk team, met veel creativiteit. Het ziet er stabiel uit." Op it 1-1 lykspul freed tsjin Almere City sjocht de trainer mei mingde gefoelens werom. "Dat gelijkspel geeft wel wat houvast, mar we missen de boost van een overwinning." Nettsjinsteande it missen fan dy ekstra boost is de trainer optimistysk oer de bekerwedstriid fan tiisdei. "Ondanks alles hebben wij ook een aardige ploeg, die eigenlijk nooit is weggespeeld."

De mooglike opstelling fan Cambuur: Cummins; Peersman, Schilder, Steenvoorden, Van Deelen; Boerlage, Barto, Mannes; Van Kippersluis, Robertha, Daniëls.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)