Skippen Strontrace wer fuortsketten út Warkum wei

It begjin fan de hjerstfakânsje is altyd ek de start fan de Strontrace yn Warkum. Dit kultuerhistoaryske evenemint lûkt alle jierren tûzenen besikers. Skippers farre fan Warkum nei Amsterdam en Warmond, dat bart sûnder motor, dus op seil. Benammen de start is bysûnder om't skippen silend fuortfarre moatte, of as der gjin wyn is, gebrûk meitsje fan in boom of publyk freegje om mei in tou om it mul op it jaachpad it skip te lûken. Reid de Jong sprekt by de start syn legindaryske wurden "en nu oprotten" en dan folget it startskot. Doel fan de wedstriid is om as earste skip wer werom te wêzen.
Ellert de Boois docht wol in hiel bysûndere Strontrace. Gewoanwei is hy bemanningslid op skûtsje de Verwisseling en fart mei nei Warmond. No docht hy it op 'e fyts. Hy nimt lykas it skûtsje fiif sekken keunstdong mei as bepakking. 400 Kilometer moat hy dêrmei fytse. Ellert sette moandei tagelyk mei it skûtsje útein. De weddenskip is dat hy earder Warmond op en del kin as syn silende maten. In kret bier is de ynset.
De Strontrace hat dit jier minder dielnimmers as oare jierren. Dat fynt de organisaasje spitich en hopet takom jier wer mear skippen mei te krijen.