Tal AED's yn Fryslân yn pear jier hast ferdûbele

23 okt 2017 - 12:19

It tal AED's yn Fryslân is yn twa-en-in-heal jier hast ferdûbele nei 850. Dat komt benammen troch bedriuwen en gemeentlike organisaasjes dy't harren AED's oanmelde foar publyk gebrûk. In AED is in draachber apparaat dat it hertritme herstelle kin nei in hertstilstân. Yn de provinsje binne op it stuit 8.320 boargerhelpferlieners registrearre, mar dêr kinne noch wol 3.000 by, sa seit foarsitter Erwin Duursma fan Fryslân Hartveilig. Troch de ynset fan boargers en AED's wurde oantoanber libbens rêden, om't direkte help nei in hertstilstân letterlik fan libbensbelang is. Duursma ropt de sân Fryske gemeenten dy't noch net meidogge, wêrûnder It Hearrenfean en De Fryske Marren, op har sa gau mooglik oan te sluten.

Trefwurden: 
AED reanimaasje
(Advertinsje)
(Advertinsje)