Ljouwert krijt Anna Maria van Schurman-paad

23 okt 2017 - 12:10

Ljouwert krijt in Anna Maria van Schurman-paad. Dat paad leit tusken it Drachtsterplein en de Doarpstsjerke yn Huzum. Anna Maria van Schurman besocht geregeld famylje op Abbingastate yn Huzum. Dy besites wienen oanlieding foar it Ljouwerter kolleezje om it paad nei har te ferneamen.

It paad wurdt op 18 novimber iepene mei it ûntbleatsjen fan nambuordsjes. Ek fertelle prof. Mirjam de Baar en Manon Borst, direkteur Museum Martena, oer de ferneamde froulike yntellektueel út de Gouden Iuw en har relaasje mei Abbingastate yn Huzum.

Wa wie Anna Maria van Schurman?

Se is berne yn Keulen yn 1607 en stoar yn Wiuwert yn 1678. Se wie in talintearre keunstneresse en taalkundige, ek wie se humaniste, teologe en dichteres. As earste frou yn Europa folge se universitêr ûnderwiis, achter in gordyn wei want froulju mochten doe net studearje. As earste yn Nederlân skildere se pastelportretten en koe se meardere talen wêrûnder Arabysk en Etiopysk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)