Untwerp DNA-keunstwurk oanpast
It keunstprojekt DNALWD2018 wurdt oanpast, om't it orizjinele ûntwerp net past by de nije ynrjochting fan it stedskantoar. DNALWD2018 sammelet it figuerlike DNA fan alle ynwenners fan Ljouwert. Minsken wurde frege om harren ferhaal yn in eigen DNA-buiske te dwaan en dizze te registrearjen op in webside. Yn it oarspronklike plan waarden al dizze DNA-buiskes sammele yn de foarm fan in nautilusskulp. Dit wurdt no in kubus, mei yn it frame de Ljouwerter buiskes. Keunstner Hein de Graaf: “Het nieuwe ontwerp past nu perfect in de hal van het Stadskantoor. Het is tijdloos en alle DNA-buisjes krijgen in het kunstwerk evenveel aandacht. Daarnaast is ieder buisje in dit ontwerp beter vindbaar”.