Fertochte besiket himsels wat oan te dwaan yn de rjochtbank

Opskuor yn de Ljouwerter rjochtbank moandeitemoarn. In fertochte fan trije moarden yn Drinte yn 2012 en 2013 sprong wilens de behanneling fan syn saak ûnferwachte oerein. Parketwachten koene de man oermasterje en fierden him mei geweld ôf. It die bliken dat de man in lyts skerp foarwerp by him hie. Hy woe dêrmei in statement meitsje, sei hy letter. De man joech yn de rjochtseal oan dat hy net langer in advokaat hawwe woe, dat hy leaver net kaam wie en dat hy in libbenslange straf fertsjinnet.