FIDEO: Topdrokte by de gersdrûgerij De Pein

23 okt 2017 - 13:58

"Drûgerij mei Ineke". In soad boeren sille har kenne, de bedriuwslieder fan gersdrûgerij De Pein. Se ha it op dit stuit smoardrok mei it drûgjen fan gers. "Der komt 24 ton oan en moarn komt wer sa'n lading. We ha it hartstikke drok," fertelt Ineke Wiegersma. It bedriuw krijt gers fan de boeren. "Dan sit der sa'n tachtich prosint focht yn en we soargje derfoar dat it oant sa'n fiifennjoggentich prosint drûch makke wurdt." Dat wurdt dien yn hiele grutte rûndraaiende buizen dy't mei fjoer ferwaarme wurde. "As bedriuwslieder is it myn taak om derfoar te soargjen dat de piip rikket." Dat slagget aardich, want de piip rikket suver 24 oeren deis. De piip en fansels ek de rook binne werkenber foar minsken yn de buert fan de gersdrûgerij. "Rûkst de lekkere geur fan gers, it swiete fan gers komt frij by it drûgjen."

Wêrom wurdt gers drûge?

"Dan kinst it better bewarje, oars komt der skimmel yn of broei. Boeren wolle it gers ha as winterfretten foar de kij of as opfok foar jonge keallen." Elke boer krijt syn eigen ynbrochte gers werom. "Garandearre. Der komme briefkes op mei namme en plaknamme fan de boer." Guon krije it yn pakjes werom, of sekjes of yn heapakken, wat de boer mar wol.

Yn Hea! fan moandei sit de reportaazje oer de gersdrûgerij.

Trefwurden: 
gersdrûgerij De Pein Hea!
(advertinsje)
(advertinsje)