Joris Jan Hellevoort krijt de Lutinepriis

23 okt 2017 - 11:01

Joris Jan Hellevoort út De Bilt wint dit jier de Lutinepriis. Dy priis wurdt troch de gemeente Skylge takend oan de skriuwer fan in wurk oer it eilân. Hellevoort skreau it boek 'De Droevigers, familie van Sil de strandjutter'. Yn dat boek beskriuwt er it libben fan syn eigen famylje yn de perioade 1716-1921. Neffens de gemeente docht er dat troch yn de hûd fan syn personaazjes te krûpen, basearre op argyfstikken en oantinkens.

Ferline jier waard de priis net útrikt, doe wie der neffens de gemeente gjin wurk dat de priis fertsjinne.

(advertinsje)
(advertinsje)