Lifelines-ûndersyk krijt mooglik dochs in ferfolch

23 okt 2017 - 10:04

It grutte medyske ûndersyk Lifelines fan it UMCG yn Noard-Nederlân krijt mooglik dochs in ferfolch. It nije kabinet wol jild beskikber stelle foar it befolkingsûndersyk. It is noch net dúdlik om hoefolle jild oft it giet. Oan it ûndersyk, dat yn 2006 begûn, dogge 167.000 minsken mei. De opset fan it ûndersyk is dat dy minsken 30 jier lang folge wurde. Mei it ûndersyk wolle de inisjatyfnimmers ynformaasje sammelje wêrmei't tenei sykten foarkaam wurden kinne.

Earder dit jier joegen de trije noardlike provinsjes oan dat se der net langer jild yn stekke wolle. De tredde faze fan it ûndersyk kaam dêrmei faai te stean. De twadde faze fan it ûndersyk is ein dit jier klear, de kantoaren yn de trije provinsjes wurde dan sluten. It kantoar yn Drachten is al ticht, dat op It Hearrenfean slút ein dit jier de doarren. De tredde faze stiet foar 2019 yn de aginda, dan wurdt ek sjoen hokker kantoaren wer iepen kinne.

Der is neffens de organisaasje genôch jild om de gegevens fan de twa eardere fazen te ferwurkjen en op te slaan. It is dus net sa, dat mocht de tredde faze net trochgean, al it eardere wurk om neat west hat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)