De Vries is de koekoeksklokkedokter fan Mantgum

23 okt 2017 - 09:52

In soad klokkemakkers hawwe der stikem in bytsje in hekel oan: de koekoeksklok. It is in yngewikkeld apparaat, en je moatte der behoarlik oan ompiele as er stikken is. Mar yn Mantgum wennet in man dy't himsels koekoeksklokkespesjalist neamt: Jelle de Vries. Hy wie learaar hânwurk, en as hobby reparearret er no koekoeksklokken. Yn de húskeamer fan De Vries hinget ien koekoeksklok. Ut it jier 1880. Yn de hobbykeamer hingje der sa'n tritich en yn de garaazje stean noch sa'n 70 doazen mei klokken dy't noch reparearre wurde moatte.


De Vries fynt de klokken benammen moai om harren uterlik en fansels it lûd. Koekoeksklokken hawwe harren oarsprong yn it Dútske Swarte Wâld. Dêr waarden se makke as wekker. Fanwege it lûd koe men telle let it wie. Koekoeksklokken hawwe net de bêste oerwurken mar binne benammen populêr fanwege it moaie houtsnijwurk en fansels de koekoeken.

Trefwurden: 
Koekoek Koekoeksklok
(Advertinsje)
(Advertinsje)