Kollum: "Op syn hûntsjes"

23 okt 2017 - 09:13

"Juster mocht ik in dei oppasse op myn nichtsje Joep. Wa’t no tinkt: ‘Huh? In famke mei de namme Joep, dat mienst net!’ Ien gerêststelling: it giet om in hûn. In swarte Mechelse herder, alteast dat stiet der op it kaartsje. Neffens ús sitte der ek noch wat oare rassen trochhinne, mar klear. Wat yn alle gefallen wol dúdlik is, is dat Joep ADHD hat.

As favorite ‘suikertante’ nim ik Joep geregeld mei in blokje om. Dat fynt er prachtich, want by my mei alles. Fan in plûns yn de dreksleat oant lekker rôlje troch de kowestront. Wat thús absolút net mei, is by my gjin probleem. It foardiel fan tante wêzen is nammentlik dat ik dy stjonkende swarte hûn gewoan wer thús bring en sels dus gjin lêst haw fan dy modderlucht yn ‘e hûs.

Goed regele allegearre; mar no komt it. Ik haw Joep al in pear kear stikken makke. By fersin fansels, litte wy dat foarop stelle. Want wat ik noch net ferteld haw, is dat Joep sljocht is fan apportearjen. En ik kin wol knap smite, dus dat is in goeie komby. Soest sizze.

Ferline simmer smiet ik in stok it lân yn, dy’t meters heech troch de loft fleach. As in raket fleach Joep der efteroan, makke in megasprong en hapte it ding sa út de loft. Martin Gaus soe der fan kwispele hawwe, sa moai gie it. Mar wylst Joep de stok yn ‘e bek opfong, hearde ik yn ienen in ‘auw’. Mei de earen plat by de kop del en de sturt tusken de poaten kaam der in hiel sneu hûntsje op my ta.

Dus ik tilde de poaten op, tsjekte oft de sturt noch fêst siet en fierder koe ’k eins neat nuvers sjen. Net sa oanstelle, sei ik tsjin ‘m. Thús smiet ik wat brokken yn de bak, joech ‘m in aai oer de kop en die krekt as altyd de doar achter my ticht.

Dy jûns waard ik belle troch myn broer. ‘Wat is der mei Joep’, frege er. Doe’t er thús kaam wie, hie se sneu op ‘e grûn lein en miste der gjin hap iten út ‘e panne. ‘Eeh’, sei ik, ‘gjin idee. No ja, trouwens no’tst it seist… Fan ‘e middei die se wol wat nuver. Mar ik wit eins net wêrom.’ By de bistedokter wisten se it wol. Dêr die bliken mei in sjochoperaasje dat Joep troch dy grouwe stok in gat yn ‘e bek hie en boppedat in mangel minder. Oeps.

En dêrmei wie it ferhaal noch net út. Ungelok twa barde op ‘e nij mei in stok. Wylst it nei dit amandel-akkefytsje fansels strang ferbean wie, smiet ik dochs stikem in takje fuort. In hiel lytske mar. En op ‘e nij hapte Joep ‘m as in folleard akrobaat út de loft. Mei dit kear as gefolch dat de oanhechting fan syn tonge ôfskuorde. Ho. Yntusken hat Joep al syn eigen syktekostefersekering. En ek binne de regels noch stranger oanskerpe as wy in blokje om sille. Sa mei ik tsjintwurdich net mear smite. Nearne mei.

Dus juster kuieren wy braaf sûnder stok ús rûntsje. Joep hie krekt in plûns yn ‘e haven makke, doe’t we in bakbist fan in hûn tsjinkamen. It die bliken dat it in krusing tusken in pitbull en in labrador wie. It resultaat wie in pânsere tank. In keal fan in hûn dy’t syn eigen krachten net koe en al like min fan harkjen heard hie.

Thús hie dizze tank mei syn 40 kilo al boppe-op de stokâlde chihuahua fan it gesin lein, dy't dêrnei total loss ferklearre wie troch de fee-arts. Dus Joep wie warskôge. Mar sa as altyd moast der fansels boarte wurde. As twa Max Verstappens raceden beide hûnen om ús hinne wylst ik in praatsje makke mei syn baaske. Sy fertelde dat se suver krekt yn Aldegea kaam wie te wenjen. Och hea, wêr dan, frege ik. En wylst se antwurd jaan soe, hearde ik in dikke klap.

Fan út myn eachhoeke seach ik hoe’t myn ADHD’er en har keal frontaal byinoar omheech fleagen. De tank skodde in kear mei syn kop wylst de flibe ús om ‘e earen spatte en draafde doe bliid wer fierder. Mar myn Joepke hie mear skea. As in oanriden hazze lei se oan de kant fan de dyk te piipjen. It sil dochs net wier wêze, tocht ik. No ha ik dy hûn ALWER stikken makke.

Dit kear foel de skea lykwols in slach ta. Doe’t we justerjûn wer thús kamen, wie der neat mear oan de hân. Mar mocht myn broer hjoed belje, dan nim ik efkes net op."

(Advertinsje)
(Advertinsje)