Nederlânske boekewike krijt Frysktalich boekewikegeskink

23 okt 2017 - 06:48

Foar it earst yn de skiednis fan de boekewike wurdt it boekewikegeskink oerset yn it Frysk. It giet om it boek 'Gezien de feiten' fan de Belgyske skriuwster Griet Op de Beeck. De oersetting, dy't de titel 'Mei it each op de feiten' kriget, wurdt útjûn yn it ramt fan de Kulturele Haadstêd 2018. Skriuwster Op de Beeck is tige grutsk op de oersetting fan har wurk: "Mei immen al it boekewikegeskink skriuwe, komt der ek noch in oersetting fan. Foar it earst. Yn it Frysk. Koartsein: bliere skriuwer." Jetske Bilker sil de oersetting meitsje.

Rike taal

Ek kommissaris fan de Kening Arno Brok is tige wiis mei de oersetting fan it boek: "In te priizgjen inisjatyf," sa seit er. Neffens him soe it ek moai wêze as de Fryske ferzje lêzen wurdt troch net-Frysktalige minsken: "Wa't net Frysk is, soe de Fryske ferzje ek lêze moatte. Want dan fernimst dat it Frysk njonken in offisjele rykstaal, ek in hiele rike taal is." Wol is Brok benaud dat skriuwers tenei allegearre in Fryske oersetting hawwe wolle as se in boekewikegeskink skriuwe meie.

De boekewike is takom jier fan 10 oant en mei 18 maart. Elkenien dy't dan in boek keapet kriget sawol it Fryske as de Nederlânsktalige boekewikegeskink kado. Mei it boek kin ek wer op de lêste dei fan de boekewike fergees mei de trein reizge wurde.

Trefwurden: 
boekewike boekewikegeskink
(Advertinsje)
(Advertinsje)