Alexander Georgiev Europeesk kampioen Frysk damjen

Alexander Georgiev (l) nimt it op tsjin Folkert Groenveld (r) © Marten Walinga, Stifting WFD
De Rus Alexander Georgiev is snein Europeesk kampioen Frysk damjen wurden. It wie de earste kear dat der in EK yn it Frysk spul hâlden waard. Folkert Groenveld fan Jutryp waard twadde, Sjoerd Couperus fan Snits tredde.
It EK fûn plak op in spesjaal plak, te witten it Tall Ship Artemis. Dat skip leit tsjinoer it sintraal stasjon yn Amsterdam. Nei acht omlopen hiene Georgiev en Groenveld beide 6,5 punt. Dêrom moast in barraazje de beslissing bringe. Mei syn spul sette Georgiev syn tsjinstanner hieltyd mear ûnder druk. Uteinlik hiene beide matsjedoaren noch mar ien daam en ien houtsje oer. Sels mei safolle úttinne materiaal is it yn it Frysk damjen mooglik om de partij te winnen. Georgiev bewiisde it.