Jurgen Streppel: "Dit was niet des Heerenveens"

22 okt 2017 - 20:42

SC Hearrenfean gie snein yn it eigen Abe Lenstra stadion hurd ûnderút tsjin Vitesse. It waard mar leafst 4-0 foar de ploech út Arnhem nei doelpunten fan Rashica, Linssen, Foor en Matavz. De Feansters spilen striemin, wiene sleau yn de passing en achteryn seach de ferdigening der in pear kear net goed út. It wie foar Hearrenfean alwer it tredde ferlies op rige.

Streppel ferbjustere

Trainer Jurgen Streppel seach it ferlies fan syn ploech net oankommen: "We hebben een geweldige trainingsweek met passie en goed voetbal gehad. Dat heb ik vandaag niet gezien. Dit was niet des Heerenveens." Op de fraach oft hy ynfaller Henk Veerman net earder ynbringe moatten hie, sei Streppel: "Na rust had ik het gevoel dat we wel beter voetbalden. Maar de eerste de beste counter wordt het 3-0. Dan is het een hele ondankbare taak om in te vallen."

Hearrenfean wie der net klear foar

Ek Stijn Schaars wie bot teloarsteld nei de nederlaach: "Vitesse was vandaag gewoon beter. We hebben niet gebracht wat we kunnen. We waren niet klaar voor vandaag, er lukte bijna niets." Net allinnich fuotbaljend wie Hearrenfean de mindere, ek op oare saken wie Vitesse better, neffens Schaars: "We hadden geen overtuiging en geen duelkracht. We zijn vandaag op alle fronten afgetroefd." Dochs woe de oanfierder nei ôfrin net te somber wêze: "Als je dit weet om te draaien ziet het er ineens heel anders uit. Maar dan moet er wel even gereageerd worden."

Yn de spegel sjen

Ferdigener Denzel Dumfries wie nei de wedstriid dúdlik: "De stand liegt niet. Vorige week hebben we thuis ook met 4-0 verloren. Dat is niet goed." Hearrenfean spilet woansdei yn it bekertoernoai út tsjin Willem II. Dernei wachtet AZ yn de kompetysje. "We moeten goed in de spiegel kijken wat er nou fout gaat. Wat kunnen we verbeteren aan onszelf. En dan onze rug rechten naar woensdag toe," sa seit Dumfries.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)