Undernimmer Willem Hartman ferstoarn

22 okt 2017 - 19:53
Willem Hartman - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Undernimmer Willem Hartman is ôfrûne freed ûnferwachts ferstoarn. Hartman wie bekend as grienteteler yn Seisbierrum. Hy hie sa'n 180 man personiel. Ein juny ferkocht Hartman syn bedriuw oan it Belgyske The Fruit Farm.

By de fuotbalklup Zeerobben út Harns, dêr't Hartman sûnt koart aktyf wie yn de sakeklup, is in minút stilte hâlden. By fuotbalklup AVC út Seisbierrum, dêr't Hartman earelid wie, waard hielendal net fuotballe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)