Ferkiezingsposters FNP fuorthelle

22 okt 2017 - 18:59

Yn de gemeente Ljouwert binne de lêste dagen hast alle ferkiezingsposters fan de FNP fuorthelle. Dat seit alteast de FNP nei in rûngong troch de gemeente. Yn de stêd sels mar ek yn in grut tal doarpen lykas Wurdum, Idaerd, Grou en Wytgaard binne de posters fan alle oare partijen hingjen bleaun, mar dy fan de FNP binne fuort.

De FNP hat gjin idee wa’t dit dien hat. "Blykber binne de politike tsjinstanners benaud dat de FNP in protte stimmen helje sil", seit listlûker Jan Willem Tuininga. "Mar serieus, wy fine dit as FNP in bernige aksje. Sa gean jo net mei elkoar om yn ferkiezingstiid".

Neffens Anneke Nijdam, dy't yn Idaerd wennet, giet it hielendal net om fandalisme. Sy hat sjoen hoe't de posters fuort waaiden nei't se ophongen wiene. Neffens har is de ferkearde lym brûkt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)